Oanpaste skuon foar Ingelsten

Ingelsten by de presintaasje op it Hearrenfean, ein ferline jier
Hearrenfeanspiler Patrik_Ingelsten hat lêst fan in ynskuorde teanneil. De nije oanwinst fan SC_Hearrenfean traint dêrom net folslein mei op it trainingskamp yn it Turkske Belek. Foar de Sweedske oanfaller wurde oanpaste skuon ynflein.
It is noch net wis oft Ingelsten freed meidwaan kin yn de oefenwedstriid tsjin de Trabzonspor. De earste trainingsdei fan Hearrenfean foel letterlik folslein yn it wetter.