Wetterskip sil dúdliker wêze

It effekt fan it meallen yn byld (foto Henk Bootsma)
Wetterskip Fryslân sil tenei better mei de Fryske befolking kommunisearje as der yn de takomst opnij wetter ôffierd wurde moat as der iis leit. De ôffier fan wetter út de Fryske boezem is net goed foar it iis. En no´t de froast mooglik trochsette sil, moat it wetterskip net oan de kwaliteit fan dat iis komme, fine in soad minsken.
Neffens it wetterskip sels moast it wetter de ôfrûne dagen wol ôffierd wurde, mar sil de organisaasje tenei bettere foarljochting jaan