Ekonomy Hearrenfean stabyl

© Omrop Fryslân
De gefolgen fan de kredytkrisis foar ûndernimmers op It Hearrenfean sille minder hurd oankomme as yn de rest fan Nederlân. Dat tinkt Fedde Pronk, foarsitter fan de ûndernimmersclub op It Hearrenfean.
Neffens Pronk, yn it deistich libben direkteur fan de Rabobank, is de ekonomy op It Hearrenfean ridlik stabyl. Pronk tinkt wol dat de krisis lanlik sjoen noch swierder útfalle sil. De krimp fan 0,75 prosint is neffens Pronk te leech.