IFKS op 13 juny op Burgumermar

© Omrop Fryslân
Der komt definityf in wedstryd skûtsjesilen op de Burgumermar. De IFKS sil op 13 juny dêr in prolooch farre. Dat waard tongersdei bekend makke op de nijjiersresepsje fan de gemeente Tytsjerksteradiel.
It idee om it skûtsjesilen werom te heljen nei de Wâlden komt fan wethâlder Doeke Fokkema. Nei oanlieding fan syn plan liet de gemeente in ûndersyk útfiere nei de helberheid fan in wedstryd op de Burgumermar.