Kramer op 5 km tsjin Haugli

08 jan 2009 - 20:07

Reedrider Sven Kramer komt freed op it Europeesk Kampioenskip op de 5000 meter yn de 14de rit út tsjin de Noar Sverre Haugli. It EK wurdt fan freed oant en mei snein holden yn Thialf op It Hearrenfean. Kramer syn grutste konkurrinten Havard Bøkko út Noarwegen en de Italjaan Enrico Fabris komme in rit earder tsjin elkoar yn aksje.

Op de 500 meter komt Sven Kramer út yn de lêste rit tsjin de rappe Poal Konrad Niedzwiedzki. De froulju begjinne sneon oan it EK.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)