Ungelok by Friesland Campina

08 jan 2009 - 18:41

By in bedriuwsûngelok by Friesland Foods yn Ljouwert binne tongersdeitemiddei twa meiwurkers ferwûne rekke. Se binne yn in masine telâne kaam op in hichte fan 30 meter. De heechwurker fan de brânwacht moast der oan te pas komme om de slachtoffers út harren benaude posysje te rêden.

Ek in spesjaal medysk team waard ynskeakele. Beide meiwurkers binne mei noch ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)