Opnamestop Tjongerschans

08 jan 2009 - 16:28
  • Tjongerschans hat it smoardrok

Yn sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean jildt in opnamestop. It sikehûs hat it smoardrok mei slachtoffers fan it reedriden en glêdens. Tiisdei wie it sa drok dat de Tjongerschans pasjinten trochferwize moast nei sikehûzen yn Hoogeveen en Stadskanaal.

Nij Smellinghe yn Drachten en it Anonius sikehûs yn Snits ha ek koart in opnamestop hân, mar dy is wer opheft.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)