Bern ride 'Alvestêdetocht'

Bern ûnderweis op har tocht (foto Dennis Stoelwinder)
Bern fan basisskoalle De Letterbeam op It Hearrenfean binne tongersdei foar it earst yn de kunde kaam mei it fenomeen 'Alvestêdetocht'.
Op de skoalle sitte in soad bern fan bûtenlânske komôf. In soad fan har kinne net reedride en hawwe ek hielendal gjin redens. Mar dochs waard fan alle bern frege om in oere mei te dwaan oan in sabeare Alvestêdetocht, op in sleat by de skoalle yn de buert.