Hylke Speerstra nûmer 1

08 jan 2009 - 14:30

Skriuwer Hylke Speerstra is troch harkers fan Omrop Fryslân Radio keazen as nûmer-1-Fryske skriuwer yn de nûmer-1-enkête. In soad minsken fine Speerstra in goede en nijsgjirrige skriuwer. Oare favorite Fryske skriuwers út de enkête binne Durk van der Ploeg en Rink van der Velde.

De nûmer-1-enkête wurdt dizze hiele wike hâlden yn it ramt fan de nûmer-1-wike. Freed is der wer in enkête. Dy giet dan oer de Fryske sporters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)