Zielman pakt titel NK maraton

08 jan 2009 - 12:40

It Nederlânsk_kampioenskip maraton op natueriis foar froulju is wûn troch Carla Zielman fan Stienwykerwâld. Sy wûn de massasprint foar topfavoryt Daniëlle Bekkering.

Ferskate Fryske dielnimsters besochten te ûntsnappen tidens de wedstriid, mar se waarden allegear werompakt. Bêste Friezinne yn de sprint waard Margo van de Merwe fan Wolvegea, op it fiifde plak. Maria_Sterk fan Hallum wie ek ien fan de favoriten, mar kaam der yn de finale net oan te pas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)