Soarch om winterskea oan A7

08 jan 2009 - 10:56

Rykswettersteat hâldt de A7 by Boalsert en Beetstersweach ekstra yn de gaten. Dy diken krije dit jier in grutte ûnderhâldsbeurt. Troch de froast en it sâlt dat op de diken struid wurdt soene der gatten yn de dyk komme kinne. Yn dat gefal sil in needreparaasje dien wurde.

De meiwurkers fan Rykswettersteat hâlde alle grutte diken yn Fryslân op it stuit ekstra yn de gaten. Oant no ta falt de skea troch it winterwaar ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)