Subsydzje foar Paupers en Sult

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân jout goed 60 tûzen euro oan 5 kulturele produksjes. 15 tûzen euro fan de subsydzje poadiumkeunsten giet nei Stifting De Paupers foar Dy Dei 2009. It stik is basearre op D-Day 1944. Sintraal stean de begripen frijheid en heldedom.
Fierder giet der 15 tûzen euro nei teatergroep Sult foar It Heksershol. Dizze foarstelling is basearre op de novelle fan Joast H. Halbertsma. De siel oan de duvel ferkeapje is it wichtichste elemint yn it ferhaal.