Auto útbaarnd op It Fean
Yn de Lepelaarstrjitte op It_Hearrenfean is woansdeitemoarn in auto folslein útbaarnd. Nei´t de bestjoerder syn auto starten hie, sloech der in flam út de wein.
Omdat de auto tichtby in oantal wenningen stie, waarden de bewenners foar de wissichheid út harren hûs helle. Nei´t de brânwacht it fjoer útmakke hie, koene sy wer werom nei hûs.