Himpkwekerij yn Boerum oprôle

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei in himpkwekerij oprôle yn Boerum. De plysje hie in tip krigen dat yn in wenning yn de Abele Reitzesstrjitte hennep kweekt wurde soe. Yn it hûs trof de plysje 119 himpplanten oan. Der wie net ien yn de wenning.
Nei ûndersyk koe de eigner fan de wente woansdei oanholden wurde. It giet om in 28-jierrige man. Nei ferhoar mocht er wer nei hús. De planten en alle apparatuer binne ferneatige.