SC Cambuur wol fierder groeie

Positive wurden op Cambuur-resepsje
SC_Cambuur wol dit jier op alle flakken fierder groeie. Sa moat de klub út de reade sifers komme en moatte de plannen foar it nije stadion konkreet wurde. Boppedat wol Cambuur noch mear seizoenkaarten ferkeapje. Dat waard woansdei dúdlik makke op de nijjiersresepsje fan de fuotbalklub, troch foarsitter Wim Sleijfer.
It liket derop dat SC_Cambuur fan takom jier ôf de begrutting rûn krijt. Dit jier is der noch in tekoart fan 3,5 ton.