Kamping Heech wint priis

07 jan 2009 - 20:03

Wettersportkamping Heech hat fan de Keamer fan Keaphannel Noard Nederlân in priis fan 1500 euro krigen. De kamping wie ien fan de trije nominearden foar de Kreativiteitspriis 2009 foar bedriuwen dy't op in bisûndere wize de bân mei de kreative sektor fersterkje.

De haadpriis wie foar it bedriuw Vorm Martini út Grins. De kamping krijt it jildbedrach omdat se fergees in karavan beskikber stelle foar skriuwers om ynspiraasje op te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)