Ofskied Rintje op Thialf

Publyksôfskied fan Rintje Ritsma
Reedrider Rintje_Ritsma sil kommende sneon 10 jannewaris nei ôfrin fan de ritten fan it EK Allround op Thialf ôfskied nimme fan it publyk. De "bear fan De Lemmer" makket dan in earerûntsje op de iisflier.
De KNSB ropt it oanwêzige reedriidpublyk op Ritsma in steande ovaasje te jaan en it iis mei knuffelbearen fol te smiten. De reedrider makke yn septimber ferline jier bekend mei syn aktive reedriidkarriêre op te hâlden.