Snelrechtsitting fan de baan

Gjin snelrjocht
Der hoege no freed gjin relskoppers foar de rjochtbank te kommen foar misdragingen mei âld en nij. De aparte snelrechtsitting foar de rjochtbank is skrast, omdat der gjin fertochten mear fêstsitte fan slimme misdragingen mei de jierwiksel.
Op 23 maart hâldt de rjochtbank noch wol in aparte sitting mei saken fan âldjiersnacht. Dan steane 12 fertochten fan minder earnstige saken - sa as fjochterij en mislediging - terjochte.