Wytmarsum hâldt supermerk

Wytmarsum hâldt supermerk
Wytmarsum hâldt de kommende jierren in supermerk. De winkel soe ferdwine, mar der komt in trochstart. Ek Poiesz Supermerken ûndersiket de mooglikheden foar in winkel yn it doarp.
Ein 2008 waard al bekend dat de doarpssupermerk dit jier as tredde Fryske supermerk in trochstart makket mei Support & Co. Dit bedriuw nimt doarpssupermerken oer en set dy dêrnei mei gemeenten, soarchynstellings en de wenningbou op mei wurkplakken foar wurkleazen.