IIs keure foar NK iissilen

07 jan 2009 - 11:44
  • iissile

De iismasters fan de Nederlânske Iissylferiening keure woandei de iisdikte op de Tsjûkemar en de Oldambtmar yn Grinslân. De mar mei it bêste iis wurdt it dekor fan it NK iissilen, dat foar it lêst yn 1996 hâlden waard.

It NK iissilen begjint freed en sil nei alle gedachten duorje oant snein. Der sille sa'n 50 dielnimmers oan de start ferskine. Woansdeitemiddei wurdt bekend wêr't it kampioenskip hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)