Smellingerlân helpt bedriuwen

boargemaster Bert Middel fan Smellingerlân
Smellingerlân wol de lokale ekonomy stimulearje no't bedriuwen de gefolgen fan de kredytkrisis fernimme. De ried hat in foarstel fan it CDA hjiroer oannaam. It bedriuwslibben kin der foardiel by hawwe as grutte projekten wat earder as pland útfierd wurde. It CDA jout as foarbyld de útfiering fan in grut riolearingsprojekt en it opknappen fan de Stasjonswei.
Boargemaster Middel hat de ried tasein foar de simmer mei konkrete stimulearingsplannen te kommen.