Frou út Ljouwert ferstoarn

07 jan 2009 - 10:06
  • In frou (67) út Ljouwert is omkaam

In frou (67) út Ljouwert is tiisdeitemiddei by in ûngelok oan de Hondecoeterstrjitte om it libben kaam. De fytster rekke troch noch ûnbekende oarsaak yn botsing mei in auto. Dy waard bestjoerd troch in man (35) út Ljouwert. De ambulânse hat de frou reanimeard en ek de traumahelikopter is kaam. De frou is op it plak fan it ûngelok ferstoarn.

De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok en freget tsjûgen har te melden op 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)