Fûgelhelling klear foar winter

07 jan 2009 - 09:42

De Fûgelhelling yn Oerterp ferwachtet de kommende dagen in soad fûgels op te fangen troch it strange winterwaar. Fûgels, lykas reagers en swannen, kinne troch it froastwaar net genôch fretten fine. At minsken ferswakte bisten nei de Fûgelhelling bringe, sil besocht wurde se oansterkje te litten.

Foar de ferwachte taname binne maatregels naam. Frijwilligers kinne gau byspringe en ek binne de opfangromten ynrjochte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)