Brandsma sakket troch iis

07 jan 2009 - 08:35

Trije kilometer neidat er syn redens ûnder bûn hie, is Jacob_Brandsma troch it iis sakke. Brandsma wol woansdei de alvestêdetocht ride. Op plakken dêr´t gjin iis leit, sil er op de mountainbike stappe. It iis by Ljouwert hie er lykwols ferkeard ynskatten. Mar hy giet gewoan fierder.

Yntusken hat er thús yn Snits droege klean oandien. It iis yn de Geeuw fertrout er net, dus dêr fytst er no by del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)