Metamorfoaze foar Amicitia

© Omrop Fryslân
It Amicitia-gebou yn it sintrum fan Ljouwert krijt in yngreven metamorfoaze. It kolleezje fan B&W giet akkoart mei in plan om it foar in soad Ljouwerters meast ûnsjogge gebou fan de stêd te feroarjen yn in toplokaasje.
Der komme winkels op twa etaazjes en 16 lúkse apparteminten fan boppe de 500.000 euro. Ek sil de bûtenkant fan it kompleks op 'e hoeke fan de Wurdumerdyk en de Nieuweweg oanpakt wurde.