Smellingerlân wol legale weed
Smellingerlân sil sjen nei mooglikheden om legaal weed te kweken foar de Drachtster kofjesjops. In foarstel fan de SP en PvdA hjirfoar hat tiisdei in riedsmearderheid helle. De kolleezjepartijen CDA en ChristenUnie stimden tsjin.
It legaal weed kweke foar de oanfier nei kofjesjops kin mooglik soargje foar minder yllegale weedkwekerijen en kriminaliteit.