De Feanhoop jout jild foar kanaal

© Omrop Fryslân
Bewenners fan De Feanhoop en Nij Beets hawwe tiisdei wethâlder Kuipers fan Smellingerlân in cheque fan 183 euro oerlange. It jild is ophelle mei in nijjiersaksje. De ynwenners fan de twa doarpen wolle dat der gau wer begûn wurdt mei de wurksumheden oan it Polderhoofdkanaal.
It wurk leit no stil en wurdt dêrtroch djoerder. De ried fan Smellingerlân wol dat it plan trochgiet. Oer de ekstra kosten sil letter pas praat wurde.