NK-koarts by de BAM-ploech

06 jan 2009 - 15:48
  • De BAM-ploech bynt de redens ûnder foar de trening op it Nannewiid
  • Ek op it Nannewiid leit moai iis...

Foar de maratonreedriders kin it net gau genôch tongersdei wurde. Dan is op de Oostvaardersplassen yn Flevolân it Nederlânsk kampioenskip op natueriis. De lêste kear dat dat kampioenskip yn Nederlân ferriden waard wie yn 1996.

De BAM-ploech fan ploechlieder Jillert_Anema is der klear foar. Yn dy ploech ride de Friezen Arjan_Stroetinga, Bertjan_van_der_Veen, Bob_de_Vries en Willem_Hut. De BAM-ploech is op dit stuit de sterkste en hat ferskate kânshawwers op de nasjonale titel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)