Subsydzje foar Open Stal

© Omrop Fryslân
De Stifting Open Stal út Aldeberkeap krijt doch de frege subsydzje fan 8000 euro fan de gemeente Eaststellingwerf. Se sille it jild brûke foar ekstra eksposysjeromte dy't nij boud wurde sil neist it hjoeddeistige gebou oan de Molenhoek yn Aldeberkeap.
Yn 2008 tsjinne de stifting ek al in subsydzjefersyk yn, mar dat waard ôfwiisd om't de oanfraach te let wêze soe en de gemeente gjin nijbou woe. Dêrop tsjinne Open Stal in beswier yn, dat no dus honorearre wurdt.