Húskes yn trein Arriva ticht

06 jan 2009 - 11:22
  • Yn dizze trein nei it húske kin net...

De húskes yn de treinen fan Arriva kinne fanwege de froast foarearst net brûkt wurde. Arriva hat de húskes ôfsletten, omdat oars de wetterlieding befriest. Dat seit in wurdfierdster fan it bedriuw.

Salang it allinnich nachts friest kinne de húskes oerdeis wol brûkt wurde. Mar no't de temperatuer ek oerdei ûnder it friespunt bliuwt seit Arriva twongen te wêzen om de húskes ôf te sluten. Arriva hat 54 treinen yn gebrûk yn benammen Fryslân en Grinslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)