Lûd gearkomsten Amelân min

06 jan 2009 - 10:03

De gemeente Amelân moat ynvestearje yn nije lûds- en byldapparatuer foar de riedseal. Benammen de lûdsapparatuer is sa min dat de gearkomsten net mear te ferstean binne foar Amelanners dy't besykje om de gearkomsten te folgjen fia de Lokale Omroep Ameland.

It is it doel dat de gearkomsten yn 'e takomst mei lûd én byld te folgjen binne op televyzje en ynternet. De gemeente wol houliken fêstlizze op dvd. Soks moat mear minsken stimulearje om op It Amelân te trouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)