Nijjiersresepsje SC H´fean

De leden fan de grutste sakeklub yn it betelle fuotbal wisten moandeitejûn it paad nei it Abe_Lenstra stadion wol te finen. It tal leden fan de OSSH - de ûndernimmers sositeit fan de SC_Hearrenfean - is no krapoan 1200. It liket derop dat de ekonomyske krisis oan har foarby giet.
Direkteur Yme_Kuiper fan de Sportklub Hearrenfean wie fierder ek posityf oer de gong fan saken. Syn klub is finansjeel goed sûn en hat noch alle kâns om heech te einigjen.