Sint Jacobsstrjitte twadde

De Sint Jacobsstrjitte yn Ljouwert (foto NLStreets)
De Sint Jacobsstrjitte yn Ljouwert is twadde wurde by de ferkiezing fan de meast noflike winkelstrjitte fan Nederlân. De winkelstrjitte krige sa'n 1450 stimmen yn it ramt fan de NLstreets Awards. Op it earste plak einige de Kleine Houtstrjitte yn Haarlem mei rom 1600 stimmen en it tredde plak wie foar De 9 Straatjes yn Amsterdam mei mar sa'n 400 stimmen.
Sawat 9000 minsken hawwe de ôfrûne twa moannen in stim útbrocht op in favorite winkelstrjitte yn it lân.