Fotoboek 25-jier Dongeradiel

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel fiert it 25-jierrich bestean fan de gemeente mei it útbringen fan in fotoboek mei de namme ´Tussen Dokkum en de zee´. Op 1 jannewaris 1984 binne de gemeenten Westdongeradiel, Eastdongeradiel en Dokkum as gefolch fan in weryndieling ien gemeente wurden.
Fotograaf Dolph_Kessler út Oentsjerk hat de ôfrûne fjouwer jier foto´s makke fan Dongeradiel en dy jouwe in moai byld fan it plattelân, Dokkum en It Waad.