André Hanssen op trainingskamp

© Omrop Fryslân
André_Hanssen giet tiisdei mei op trainingskamp mei SC_Hearrenfean. De Noar spile 13 jannewaris 2007 syn lêste wedstriid en rûn dêrnei in knibbelblessuere op. Nei twa operaasjes giet it better, mar Hanssen sil foarearst noch net oan wedstriden meidwaan.
Hearrenfean is fan 6 oant 13 jannewaris op trainingskamp yn it Turkse Belek. Freed spylje se in oefenwedstriid tsjin it Turkse Trabzonspor.