Genôch plak foar dakleazen

05 jan 2009 - 16:54

Der is yn Fryslân ek by lege temperatueren genôch plak om alle dak- en thúsleazen op te heinen. Organisaasje Zienn hat foar de wissichheid wol tweintich ekstra plakken ynrjochte yn ferbân mei de strange froast.

It is dak- en thúsleazen ferbean om by strange froast yn 'e bûtenloft te sliepen. Neffens direkteur Van Anken fan Zienn hoecht by strange froast nimmen op strjitte te sliepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)