'Set Flister op de ambulânses'

05 jan 2009 - 16:46

Ek de Fryske ambulânses moatte in Flister krije. Dat is in apparaatsje dat oer de autoradio de sirene hearre lit. De radio-útstjoering of cd wurdt dan automatysk ûnderbrutsen as der in ambulânse mei lûdssinjalen yn 'e buert is.

Ut in proef yn Drinte en Utrecht docht bliken dat it ferkear dêrtroch folle better reagearret op de helptsjinsten. Leo Dijk fan UMCG Ambulânsesoarch fynt dat dêrom alle sike-auto's sa gau mooglik in Flister krije moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)