Jachten Harns meie wer farre

05 jan 2009 - 16:31

De skippers fan skûtsjes en lytse jachten yn de haven fan Harns kinne wer op paad. Fan ´t wykein leinen sawat tritich boaten fêst yn ´e haven, omdat alle farrûtes sawat tichtferzen wiene. Ek waard de slûs fan Koarnwertersân net betsjinne. En dat wylst in soad minsken mei de boat fan ´e Waadeilannen kamen. Sy koene net fierder farre nei harren thúshaven.

De havenmaster fan Harns en ek de pleatslike middenstân wiene wol bliid mei de ekstra drokte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)