Grize seehûnen berne op Gryn

Op it ûnbewenne Waadeilân Gryn binne foar it twadde jier achter elkoar grize seehûnen berne. Lykas ferline jier gie it om seis jongen. Se lizze mei harren memmen en trije mantsjes op it strân fan Gryn. Tellers fan Natoermonuminten ûntdutsen de jongen yn de krystfakânsje.
Der binne net in hiel soad plakken yn de Waadsee dêr´t seehûnen harren jongen fuorje kinne. Gryn is dêr ien fan. De jonge seehûnen binne sawat in meter lang en 10 oant 20 kilo.