Andriesen nûmer-1-bestjoerder

05 jan 2009 - 13:43

Anita Andriesen is troch de harkers fan Omrop Fryslân Radio keazen as nûmer-1-Fryske bestjoerder yn de nûmer-1-enkête. Neffens in soad minsken dy't reagearren wie sy fol fjoer en die se alles foar har wurk.

De twadde bestjoerder dy't in soad neamd waard wie boargemaster Van der Zwan fan Achtkarspelen. Hy fertsjinne syn nominaasje ûnder oaren foar de heldere taal dy't hy neffens in soad minsken brûkt. Ek boargemaster Middel fan Smellingerlân waard faak neamd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)