Boomstra fraksjefoarsitter SP
Atze_Boomstra is de nije fraksjefoarsitter fan de SP yn Ljouwert. De hjoeddeiske fraksjefoarsitter Bert_Bisschop hâldt der mei op fanwege syn leeftyd. Bisschop is 67 jier.
Bisschop wurdt no fise-fraksjefoarsitter en fraksjesiktaris. Atze_Boomstra is in jier lyn weromkaam yn de fraksje fan de SP Ljouwert nei´t Farshad_Bashir nei de Twadde Keamer gien wie.