Anne Kies njoggende yn rally

04 jan 2009 - 17:49

Anne Kies stiet nei twa ritten yn de Dakar Rally yn Argentynje njoggende. Yn de twadde etappe oer 237 kilometer fan Santa Rosa nei Puerto Madryn, einige de ynwenner fan Appelskea as achtste mei in efterstân fan 29.51 op winner Gerard de Rooy. Earder dit wykein einige Kies yn Súd-Amearika mei syn truck op in fjirtjinde plak. Kies rydt yn in begeliedingstruck foar kopman Marcel van Vliet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)