Marrit Leenstra fjirde op NK

04 jan 2009 - 16:30
  • Marrit Leenstra

Marrit_Leenstra fan Wikel wûn sneintemiddei de 1000 meter sprint op it NK yn Grins. Dit die de reedrydster yn in tiid fan 1.19,17. Se liet Margot_Boer en Paulien_van_Deutekom efter har op de plakken twa en trije.

Nederlânsk kampioene waard Margot_Boer út Woubrugge. Leenstra waard úteinlik fjirde yn it algemien klassemint. Oare Friezinnen dy´t yn de top 10 einigen wiene Paulien_van_Deutekom (fyfde), Anice_Das, Wieteke_Cramer, Frederika_Buwalda en Mayon_Kuipers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)