Fryske Krite oan de boerekoal

04 jan 2009 - 16:13
  • Foarsitter Ymke Rinzema (foto: Lenus van der Broek)

Foarsitte Ymke_Rinzema iepene sneon yn hotel Holland Inn yn Wolvegea de nijjiersresepsje fan toanielferiening De Fryske Krite. Hûnderttritich leden skoden nei twa nijjiersslokjes oan foar de boerekoal mei spek en woarst en in neigesetsje.

De leden kinne har no opmeitsje foar de grutte feestjûn op sneon 14 febrewaris yn Dansdomein Drenth. Under lieding fan regisseur Dinie_Post wurdt dan it stik Albedil opfierd, in komyske thriller.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)