PvdV: ´Terpstra by omrop wei´

Doekle Terpstra
De Partij voor de Vrijheid wol dat minister Plasterk Doekle_Terpstra út ´e rie fan tafersjoch fan ´e publike omrop set. Icco, mei Terpstra as foarsitter, hâlde sneon in pro-Hamas-mars yn Amsterdam. Dêr waard oproppen ta in intifada tsjin Israël en demonstranten rûnen mei Hamas- en Hezbollah-flaggen.
Terpstra fynt dat frijheid fan mieningsutering net brûkt wurde mei om oaren te kwetsen en dat dy frijheid dan beheind wurde moat.