Ynwenners Blije wolle ekskuzes

Der binne ferskate brannen stifte yn Blije
Ynwenners fan Blije wolle ekskuses fan boargemaster Van_der_Berg fan Ferwerderadiel. Nei it trelit mei âld en nij die de boargemaster hurde útspraken oer de achttjin minsken dy´t oppakt wiene yn it doarp.
Hy sei ûnder oare dat âlden har bern better grutbringe moatte. By in byienkomst fan doarpsbelang mei guon ynwenners kaam sneon de rop om ekskuzes nei foaren. Doarpsbelang wol de kommende wike mei de boargemaster prate.