Oerfal op snackbar Snits

04 jan 2009 - 13:57

De plysje hat ûndersyk dien nei in oerfal sneontejûn op in snackbar oan ´e Lemmerwei yn Snits. In man bedrige de meiwurkster mei in mes. De frou moast it jild út de kassa oerjaan.

De man die it jild yn in opfallende plastikpûde. Dêrnei moast se nei achteren gean om dêr de klûs te iepenjen. Ek in jildkiste ferdwûn yn de plastikpûde, wêrnei´t de man útnaaide. De plysje hat de man noch achterfolge, mar is him kwytrekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)