Jubileumjier Alvestêden los

04 jan 2009 - 09:31

It reedrydmuseum yn Hylpen hat sneintemoarn it startskot jûn foar it jubileumjier fan de Alvestêdetocht. Dat barde mei de presintaasje fan in dvd oer hûndert jier Alvestêdetocht. Dêrop binne ferhalen te sjen en te hearren fan reedriders, mei autentike filmbylden en noch net earder fertoande opnamen.

Der waard ek in eksposysje iepene fan skilderijen fan njoggen winners fan de Alvestêdetocht. Dy reizget dit jier by de alve stêden del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)