Hylkema ferrassend 2e yn Assen

© Omrop Fryslân
Maratonrydster Liesbeth_Hylkema fan Nes (Boarnsterhim) is sneontejûn ferrassend as twadde einige op de maraton yn Assen. Noch nea einige Hylkema sa heech by in maraton. Se moast allinnich de Amerikaanske Chris Witty, de Olympysk kampioene op de 1000 meter yn 2002, foargean litte.
Maria_Sterk fan Hallum kaam as fiifde oer de streek en behâldt dêrmei it gouden liederspak fan de Essent Cup. Se hat 7 punten foarsprong op de nûmer twa, Mariska_Huisman.