Ambachtlike redens yn Drylts

Op ambachtlike wize houtsjes slypje
Yn it eardere redensfabryk Nooitgedagt yn Drylts kamen âlde tiden wer ta libben. Sneon wie der in demonstraasje fan reedslypjen en reedstekken. Op ambachtlike wize waarden de houten makke foar de houtsjes. Dat wie ek ien fan de saken dêr't Nooitgedagt jild mei fertsjinne. Twa âld-meiwurkers lieten sjen hoe't it doe allegear yn syn wurk gie.
Yn it eardere fabryk sit no in Doch- en Sjochsintrum.